Maandelijks archief: april 2023

Oud gereedschap in Fokkema’s pleats

Dizze foto’s komme fan Jan de Boer ( soan fan Wieger de Boer) dy’t earder wennen op Eastwâld

Dizze foto’s fan de Driezumer âld-elektroman Teake Damstra haw ik yn de hjerst fan 1978 makke yn de Fokkema’s Pleats. Dêr wie doe in útstalling fan âld ark dat Damstra wol earne in plakje jaan woe en doe hie er De Fokkema’s Pleats dêroer oan west. In soad foarwerpen út dy útstalling kamen fan

Damstra syn skoanheit Sietse van der Wiel, earder weinmakker yn Driezum. Op de foto’s jout Teake Damstra útlis oan it publyk. Op de iene foto sjocht Siep Schotanus ek noch om de hoeke. It bysûndere hjirby is fansels it feit dat yn dy tiid noch net ien betinke koe dat safolle jier letter de Fokkema’s Pleats bewenne wurde soe troch pakesizzer Teake Damstra. As ik oan Teake Damstra senior tink dan komt my altyd wer de útdrukking ‘earne in klap op jaan’ yn it sin. Dat haw ik altyd ferskuorrend yrritant fergaderjargon fûn, sa fan ,,sjoch ris even hoe resolút wy de saken regelje kinne”.

Yn de jierren sechstich kochten wy by ús thús yn Driezum alle dingen dêr’t in stekker oan siet by Teake Damstra. As de tv it dan een kear net die, dan kaam hy even del en dan jûch hy it apparaat in klap. Je riede it al: it ding die it wer. Sjoch dát wie nochris earne in klap op jaan. Teake Damstra libbet al jierren net mear, mar it bedriuw bestiet noch altyd en draacht no it predikaat ‘Koninklijk’. Ik wit wol wêrom…

Share This:

Een reactie plaatsen

Opgeslagen onder Algemeen, Fokkema's Pleats