Wiebe Koster ferstoarn

Fan Jouke Dantuma út Driesum

Wiebe Koster ferstoarn

Doe’t ik ôfrûne woansdei de hûs-oan-hûs edysje fan de Dockumer Courant iepensloech en by de rou-advertinsjes útkaam, trof my dêryn de namme fan Wiebe Koster. Wiebe Koster wie ferstoarn en nei myn earste kjelwurden giene myn tinzen daliks werom nei de tiid dat ik as opsketten bongel in soad op it rekreaasjeplak Ljeppers Hiem yn Westergeast omhúsmanne. Doe’t fan ‘e wike myn broer Bokke by ús op besite wie, kaam it praat al rillegau op de tiid doe’t Wiebe en Iet de behearders wiene fan Ljeppershiem. ‘The place to be’ dêr wie de kantine op dit skoandere swimmersplak. Njonken it fierljeppen barde dêr doe noch folle mear. Prachtige ferhalen, de iene noch sterker as de oare, waarden troch Bokke en my út ‘e stoffige doaze helle. It wie de tiid fan ús earste aventoerkes op it sa glysterige leafdespaad. Wy wiene yn it earstoan sa grien as gers. Dat griene feroare benammen by broer Bokke al rillegau yn gleon read. Hy foel wol aardich yn ‘e smaak by de froulju út Westergeast en omkriten. It wie ek de tiid dat alle jonges út Driezum en Wâlterswâld mei in soad adrenaline yn ‘e bealch op harren Yahama as Zündapp nei Westergeest ta fleagen. Ien wike lang hat myn pearse Yamaha FS1, neidat ik him aardich opfoere litten hie, de rapste west fan ‘Raceteam Driezum-Wâlterswâld’.

It wie fansels tagelyk de tiid fan ‘luddevedu’ (leafdesfertriet). At Lydia Schotanus it wer ris útmakke mei Rinse ‘Pykje’ dan wie hy dwers troch alles hinne en yn dy tastân koe Rinse ynienen de rem net mear fine en sa eindige de brommerrit mei grutte snelheid tsjin in beam oan. Letter kamen wy mei auto’s nei Ljeppershiem ta. Wy riden dan sa’n bytsje as Bo en Luke út The Dukes of Hazzard en wisten net fan gefaar. Boufakfakânsjes wie foar ús trije wike op Ljeppershiem omslaan. Winterdeis, as Ljeppershiem sluten wie, fernuveren wy ús yn Fokkema’s Pleats, dêr ’t wy Wiebe en Iet ek wer as frijwilligers tsjinkamen. Yn it Lytshûs draaide Kees-fan-plysje-Bijma de plaatsjes. It wie de tiid fan de disko, dêr ’t Kees neffens my net sa fan hâlde. Sneontejûns wie der gauris wat te rêden yn dit doarpshûs, lykas live optredens fan regionale bands sa as Black Fire bygelyks. En der wie fansels ek wolris houwerij. Benammen de Ludema’s en in ploech autochtoane Aldwâldsters hienen it net op inoar stean.

Mar werom nei de oanlieding fan myn ferhaaltsje, Wiebe Koster. Mear as 30 jier hat er mei syn frou Iet Ljeppershiem berêden. Us heit hat as grûnwurker noch tegearre mei Wiebe by Oosterhof Grijpskerk wurke. Ik bin der hast wol wis fan dat Wiebe nea praten hat oer de nuvere Bokkesprongen fan myn broer en my. It wie in hiel noflike en ynnimmende persoanlikheid dy ‘t it leafst net te folle op ‘e foargrûn woe. Dat karakter hat Wiebe grif fan syn mem, Akke Damstra dy ’t berne is yn it Kolkenshúske yn Driezum. Sy wie sêftmoedich, gastfrij en suver in bytsje mankelyk. Wiebe syn heit Jan koe dêrtsjinoer in hjitholle wêze dy’t opljeppend út ‘e hoeke komme koe.
Eins hiene jongereinwurkers fan tsjinwurdich staazje rinne moatten by in Wiebe Koster. It koe by him hiel wat lije, mar dat wol net sizze dat er alles oer syn kant gean liet. Jins persoanlikheid wurdt foarme troch jo âldelju en de ûnderwizers. Mar ús generaasje is krekt likegoed mei foarme wurden troch Wiebe en Iet. It wiene dè foarbylden fan hoe’t jo op in ferantwurde wize mei bytiden opslûpen en healwize bern, wêrby’t noch net alles folgroeid wie, seker it ferstân net, omgean moasten.

Wat soe it dan ek moai wêze as ik ynkoarten wer ris op ‘en draaf troch Westergeast giselje, dan op it gebou dêr ’t de gasten harren melde foar Ljeppershiem – no in fakânsjepark – , de nammen fan Wiebe en Iet Koster lêze kin. As in earbetoan oan in unyk pear dat ús as jongerein mei foarme hat.

Share This:

Een reactie plaatsen

Opgeslagen onder Algemeen, Fokkema's Pleats, Ljeppershiem

Laat een reactie achter