Gemaaltje bij de Ald Swemmer

Dit is een foto, gekregen van Auke Postma van het gemaaltje bij de Ald Swemmer.
Er zijn 3 gemaaltjes geweest, waar  Ate van der Meulen, Jan Steringa, Bartele Vries beheerder van waren.

 

Informatie fan Oebele Vries: It gemaaltsje op ‘e foto wie fan wetterskip De Swemmer. It stie oan de eastkant fan de Ald Swemmer, in eintsje súdlik fan de Keatlingwiersterbrêge. Dêr sawat tsjinoer, oan de westkant fan de Ald Swemmer, mar krekt súdliker, stie it gemaaltsje fan de lytse partikuliere polder Keatlingwier. Bartele Vries wie dêr de mûnder fan (hy krige dêr 25 gûne yn it jier foar). Hy wie tagelyk bestjoerslid fan de polder. Oebele Vries hat it argyf fan dy polder noch (stelt net folle foar). Noardlik fan de Keatlingwiersterbrêge stie it gemaal fan it wetterskip De Headollen. Dêr wie Jan Steringa de mûnder fan. De earste beide gemaaltsjes ha har funksje ferlern yn 1969. It tredde gemaaltsje waard ek dêrnei noch brûkt, mar no foar ûnderbemealling. Noch net sa lang lyn ( yn 2018) is dêr in nije ynrjochting foar ûnderbemealling oanlein.


Foto van Oebele Vries
Op de foto: Bartele Vries.
Op de foto pompt hy it wetter út de âld Swemmer yn de polder. (It wie in droege simmer)

Hier nog een foto van het fierljeppen over de Ald Swemmer.
Mogelijk was dat daar in de buurt?
1-dsc_0503

Berichtnr.:1689.

Share This:

Een reactie plaatsen

Opgeslagen onder Algemeen, Fotoalbum

Laat een reactie achter