Category Archives: Simmerwei

Grasdrogerij bij de Bunte Houn

IMG_0022

Grasdrogerij bij de Bunte Houn.

1982


1982

Berichtnr. 1387.

Share This:

3 Comments

Filed under Algemeen, Eelke Meinertswei, Fotoalbum, Simmerwei

De opkomst en ûndergong fan de N.V. Holpatex Westergeest

                                                              “Lesson One “yn Westergeast

of de opkomst en ûndergong fan  de N.V. Holpatex Westergeest te Westergeest

Het leven is een pijpkaneel

 Elk zuigt er aan, en krijgt zijn deel.

 Maar kijk, wie zuigt er weer het meest?

 Het personeel van Westergeest.

naar v.d. Vondel

M.Gosschalk.

Jierren 1960 –1964.

It begjin

Santjin jier wie ik doe ik fan de Mulo ôfkaam en  fia myn heit in baantsje krige by de Kruidencoöperatie yn Westergeast. Nee, net by de “Bûnte Hûn”dat wie de Gersdroegerij dy efkes neier  by de brêge stie. Nee, dit wie de droegerij fan aromatyske krûden wer ek genêsmiddelden fan makke waarden.

Ien fan de fjouwer fabriken dy mei help fan de Marshal-plan krekt nei de leste wrâld kriich opset waar troch de V.S. fan Amearika. Oprjochte te Bûtenpost op 06.02.1947 en iepene op 22.09.1948.

Fan de 40 – 50 soarten krûden wienen der no mar in pear soarten oerbleaun dy noch rendabel wienen.

Sa goed as ik my dat herinnerje kin wienen dat : Digitalis Lanata en Purpurea , Lobelia inflata en het alom bekende   Viola. Dit leste plantsje (trijekleurich fioeltsje) komt noch nei 42 jier op yn myn tún, dat it sied moat wol tige sterk west wêze. Fan de lobiline  út de Lobelia inflata waard doe beweard dat it helpe soe by it  ôfwennen fan it smoken.

Mar goed, by wa kaam ik earst yn de keamer te sitten, doe ik foar it earst op moandeismoanne op 17 septimber 1962 begon te wurkjen?

Ja seker, by ien fan de direkteuren fan de fabryk. Hy wie er lokkich net, dat ik hie gelok. De grute baas wenne  noch net yn Fryslân sa goed as ik it doe begriep. Wol hie er in sliepkeamerke boppe, mar der mochten we net komme.

Tige noflik yn de wenkeamer fan in nijbouhûs oan de Simmerwei 2-4. Oan de oare kant hienen we noch oare hierders sitten, dy koenen we somtiden hiel goed heare.

It wie de keamer fan Max Gosschalk , ien fan de direksje fan Holpatex Westergeest N.V. De oare direkteur B.A. Dijkstra, dy mei de dikke sigaar,  húsmanne yn in keamer yn it fabrykskompleks fan de droegerij. Boppedat wie dy ek direkteur fan de Krûden koöperaasje Westergeest wêrby ik einliks yn tsjinst wie.

Max Gosschalk

Max Gosschalk wie yn de begjinjierren sechstich yn beeld kaam doe de fabryk troch oerkapasiteit wurk socht om spul te droegjen.  Hy kaam út it westen, ik mien út Velsen of sa, mar dat wit ik net seker.

Hy wie op en top in direkteur, wat kealjend brún , koarte fingers en  in fleske rûkersguod op it buro. De kantoar froulju spuiten wol es, dan stonk it hiele kantoar der nei.

Der yn it westen moat er in fabryk han ha dy troch brân oer de kop gien wie en net wer opstart wurde koe troch dat er net of ûnderfersekert wie sa’t kweade tongen doe bewearden.

Hoe hy syn bedriuw yn dizze omkriten wer opstarte koe is my nea dúdlik west, mar hy hat it foar elkoar krigen , dat is seker. Holpatex N.V.besjutte en dat sil wol net folle minsken mear witte: Holland Papier en Textiel  N.V.

In bedriuw yn in bedriuw die fan alles behandele yn dy tiid  sa as : moal,   keunstmest, sekken, castorsead, cassave woartels, tapiocamoal, lompen, tou, flaaks, sisal, manilla, plastyk, plastyk granulaat, barium cadminum sâlt, karathene, manilla, benzoë zuur, TPTH, jute,  mar foaral yn 1962 droegen en ferwurken  se : fiskmoal.

Fiskmoal

In fiersten te grutte partij dy te rotsjen lei by de feart neist de fabryk. It “stjonkfabryk” koe it droegjen doe lang net oan want er wienen ek noch krûden dy droege moasten wurde.

It wie in ôfgriis hoe dat guod stonk

De wurklju stonken wol in oere yn de wyn, en dan moasten se jûns ek noch mei hun frou op bêd.

Der sille fest wol froulju west wêze dy sein ha: “Gean foart stjonkert”.

 

De fiskmoal wie oanfierd fia Skûlenboarch en kaam út in it Grykske skip ’ Pathos’ dy yn brân stien hie en yn Rotterdam lei. Troch it bluswetter wie de party wiet rekke en moast droege wurde. En ja, wer gie dat hinne ? Nei Westergeast fansels .

No, dat ha de minsken yn de omkriten witten. It bedriuw hat hiel wat lekker rûkerspul rûn diele moaten, mar of dat ek holpen hat? Yn elts gefal krigen de minsken dy op ‘t kantoar wurken in ekstra taslach op ‘t lean fan f. 6,00

yn ‘e wike. De trochsnee minsken yn de fabryk fertsjinnen doe smoarch f. 45,00. It kantoarpersoniel f. 30,00 en de Direksje f. 252,00 wyks.  De minsken yn  hegere funksjes (sjefs en sa.) hienen mear fansels.

Oan de ein fan ‘e wike moasten wy it lean yn de brúne pûdsjes dwaan, dat wie in hiele tellerij. As er sinten oer wienen of tekoart dan moasten we alles der wer útklauwe en as spiele de duvel der mei, dochs wie der wol es ien die sei dat er te koart hie , nea te folle.   Dat te koart, sil thús wol west wêze tink ik.

De fiskmoal waard regelmjittich meunstert en opstjoerd, dat wie oerienkaam. Myn kollega, Otto dy dat wurkje die,  sei dan, dat de maitsen troch it ferwaarmjen tsjin de solder oan spatten, dat er siet wol leven yn de brouwerij je moasten net mei iepen mûle der boppe hingje.

De baas fan it postkantoar, Pieter  Geertsma, wer ik it spul hinne brocht yn Kollumersweach foar it ferstjoeren,  snúfde al as ik er yn kaam.

 It kantoar

It kantoar  bestie út 5 á 6 minsken, wêrûnder de boekhâlder. De telefoan sintrale siet yn de keuken.

Max wie faaks fuort foar nije oarders en der die hy syn best wol foar, mar dochs hie ik it, hoe jong ik ek wie, dochs net sa op him stean. Hy hie er de wyn wol aardich ûnder foaral yn de fabryk, mar moast wol tige rekken hâlde mei de oare direkteur.

Er kaam ek wol es in frommiske lâns sa freeds om fiif oere. Ik mocht dan wat earder nei hûs ta. Se gienen dan nei syn keamerke boppe om’t it ien of oare te bepraten, sei hy. Mar doe tocht ik ek al, dat giet fest net oer de maitsen yn de fiskmoal.

De man krige in hûs yn Burgum oan de Skoalstrjitte en ried hin wer deis as er al op kantoar wie. Ek syn dochter Edith kaam te wurkjen op kantoar. En it moat sein wurde hy sparre se net, om’t sy  syn dochter wie. Nee, meastal riid se net mei heit mei yn de auto. Nee, se moast op de soleks  út Burgum komme. Se wie noch wol jong mar net skruten. Har freon dy 26  en barman wie yn Ljouwert kaam wolris foar har int middeiskoft hielendal út Ljouwert nei Westergeast foar wat frijerij.

Doe de ferkearing út rekke stie se wolris te tútsjeboartsjen om ‘e hoeke, mei ien fan de meiwurkers út de fabryk. Mar ja, je binne jong no ?

Gogomobil

It fabryk hie ek in persoane-auto foar de boadskipkes. Meastal naam in foarwurker Wiltsje Wiersma him mei nei hûs ta.

It ding koe net sa hurd, it wie in 45 km auto. Mar goed, op in dei moast er ien nei de bank yn Kollum.

Dat moast ik mar dwaan en ik mocht de gogomobil wol brûke. Dat wie wat, noch nea hie ik sels yn in auto riden. Amper wist ik hoe ik stjoere moast. Mar ja, net lyts wêze wolle fansels. Der yn. Ien hat it ding oan set en der gie ik. Hy raasde der oer ! ! . Ik snapte der neat fan werom er sa’n lawaai hie. Nei wat kilometers leven, krige ik it troch, hy stie noch yn de earste fersnelling en hy hie er twa. De oaren wienen ticht laske.  It gie al in stik better doe. Yn Kollum stie it swit my al op ‘e holle, ik moast doe fan alles dwaan. Remje, skeakelje, útsjen en ek noch om ‘e fytsers en auto’s hinne.

Ik ha it folbrocht, mar efterút doar ik net, dus ha ik mar in rûntsje riden troch Kollum en doe mar wer nei Westergeast ta. It wie dochs slagge. Ik ha der mar net oer praat, hy wie wer heel werom kaam en ik ek.

Buorren

Buorfrou neist it kantoar hie in pik-up krige. In nijmoadrich ding dy plaatsjes draaie koe. It wie de jierren sechstich. Se hie er ek in plaatsje by krige of kocht. . Tige noflik foar ús, mar it wie er mar ien. : Lesson One fan Russ Conway. Wy ha it witten !!!

Eltse moarn, in pear kear deis en wol in pear moanne lang, elke moarn: Lesson One, troch de tinne muorre hinne.

Wie it in foarteken ? In earste les foar de fabryk, foar de direksje ? It getyngel fan de  piano en it deuntsje wat stees hurder gie, it is  hingje bleaun nei safolle jierren.

Kollum Chemie

Op in dei kaam Max er yn mei in lyts behindich mantsje, in kunde. Ik sjoch him noch kommen. Hy waard foarstelt oan ús.

‘Schets’ sei hy. ‘Anton W.M. Schets.’   No witte wy wat dat betsjutten hat foar Aldwâld en  omkriten.

 

In giframp yn de slimste graad. Yntrodusearre oan de boargemaster H. Ottefanger fan Kollumerlân troch Max Gosschalk , direkteur Holpatex.  As de boargemaster alles fan te foaren witten hie , wienen er gjin lovende wurden west yn it personielskrantsje.

No ja, op 20 meart 1964 begûn Kollum Chemie mei it útfoeren fan de earste oarders. Yn 1963 hie er al mei jild fan in jildsjitter it skuorke efter it hûs fan Tsjalling Rekker koft. It fjirder ferhaal is wol bekend tinkt me sa.

In drama ! ! !.

Er waard personiel fan de fabryk útliend oan Kollum Chemie. De minsken krigen ekstra jild en men wist wer om it gie. It personiel bestand wie doe op syn grutst: 57 minsken wêrûnder de trije direksjeleden. (  mei Schets derby)

Ek in oantal froulju wurken doe yn de fabryk. De measten kamen út Driezum en Wâlterswâld. Jonge famkes mar ek troude froulju dy faaks yn de sortearderij oan  ‘t wurk wienen   Dat bestjutte fodden sortearje en  dy wienen lang net skjin doe. Wat se soms yn de bûsen fan de lompen siet no , der krigen wy doe noch in kleur fan. It wie gjin bêst wurk. Jo moatte tinke der wie yn dy loads gjin ferwaarming yn de winter en boppe dat,  wie it stoffich dat koe men wol begripe mei al dy materialen. As de famkes om kofjewetter nei it kantoar kamen seagen se swart om ‘e holle, net om’t se har net goed wosken hienen, mar fan it ‘s moargens fan it sortearjen en foljen yn de fabryk. Wie hienen er  doe as jonge jonges wol wat aardichheid oan harren.

Ynsektiside

Wat fest minder bekend is, dat Holpatex  N.V. ûnder de lieding fan de twakoppige direksje sich ek bezich gie hâlden mei it ferpakken en ferwurkjen fan ynsektisiden sa as Dimecron en  Maneb.

Yn april 1964 stie op ‘e wurklist:   “ Het afvullen, inpakken en verladen van 3.000 dozen Dimecron “

In swier giftich ynsektiside, levere troch Ciba A.G. út Switserlân. In Chemie reus by útstek.

Der wie it bedriuw eins net op klear. It stode as de miter yn de fabryk by it ôffoljen , der wienen gjin dûses, it kaam net op tiid klear. Om dat konsintraasjes gif te grut waar yn de fabryk waard bûten oan lange tafels wurke.

Ik wit noch dat ek wy ( it kantoar) mei tee leppeltsjes it gif yn lytse sekjes dienen, en yn de doazen ferpakten, en it waaide as it rikke. Om de safolle tiid waar it bloed neisjoen troch Dr. Roosdorp út Kollum, en hiest te folle gif yn it bloed dan mochtst net mear wurkje. It is my ek oerkaam.

Ien fan de meiwurkers út de fabryk , hear Minse Sipma, is op saterdeimiddei mei spoed nei it Sikehûs yn Ljouwert brocht.  Er is in ferslach fan makke troch de direksje en ôfdrukt yn in krantsje, mei as konklúzje: wol in produksjeferlies fan f. 6.000,00.

En strangere maatregels sa as waskje, dûse (dy wienen er net )en klean yn de fabryk en  wachtsje mei wurkjen oant de dûses klear binne.  Dat it bedriuw in oantal kêren stil lein waard troch de arbeidsynspeksje wie wol te begripen.

 Potas

Neist dizze wurkjes wie ek noch it kalsineren fan 110 ton russiche potas carbonaat mei in nije troch Stemmler Imex  levere masine,  dy noch al wat problemen joech.  It lân fan de boer tsjin oer de fabrik wie brún ferkleure om dat  de piip te koart wie. It ding doogde net en hat it bedriuw noch al wat finansjele offers koste. Ek de wurknimmers moasten oppasse it wie raar bitend spul wer it fel net sa bêst oer koe, sa as in pear minsken ûnderfynt hawwe.

Ôffal

It ôffal fan de fabryk wer de gemeente har al sa oan ergere ( de wurden ” mestvaalt” foelen) waard oplost troch de fabryk. Under it sechje fan : ús hiem is skjin ! Dat fan Jo ek ? waard alle rotsoai ferbaarnd en bedobbe ûnder de grûn neist de loads fan de fabryk. Ik ha heard dat letter der ek noch gif ûntdekt is oan de Simmerwei 3, dat er sil fest wol wat mear as alinne plastyk  bedobbe wêze.

It ein

Al mei al gie it hurd efterút en doe Anne Dijkstra , de oare direkteur,  siik waard en de leiding alhiel yn hannen fan Max kaam , waarden de skulden stees grutter.  Nei in ferlies fan de leste jierren  fan  f. 380.000,00 gie it bedriuw Holpatex oer de kop. Dat wie,  mien ik,  yn ein novimber 1964. It singeltsje wie út. Wie les 1 te hurd gien ?

It grute plan fan Max om fan Westergeast in grut doarp te meitsjen wie al hiel mislokt. Ik ha it ein net nei mear meimakke, op 16 oktober 1964 ha ik ûntslach naam, en bin ergens oars wurkjen gien. It bûtere al net sa best tusken ús. Hy hat al es sein: ‘ Do bist krekt in amtner, dû hast foar  eltse oplossing in probleem.’ Dat koe ik mar yn de bûse stekke.

Dat letter de administraasje ferbaarnd wie hat my net ferwûndere. In pear jier letter ha ik er noch es west om wat belesting gegevens. Ik krige doe it antwurd dat alles fuort wie en net mear beskikber en dermei koe ik hinne gean.

Dat de iene direkteur Anne Dijkstra letter allinne (as direksje) foar it gerjocht kaam is, in ferbân de saak fan de Krûden koöperaasje yn 1970 is folgens my net gehiel terjochte west. De oare (Max G.) hie er neist stean moatten.

Wie er net in Holpatex west, dan wie er ek gin Kollum Chemie west.

De beide mannen seagen yn it noarden goedkeape arbeidskreften foar smoarch en gefaarlik wurk werfoar se yn it westen net te rjochte koenen.

Brân op 13.05.1962

Kollumer Krante 16.02.2007

© Henk F. Hansma

Hemrik

Als er nog mensen zijn die willen weten of hun pake of heit hier heeft gewerkt,dan heeft de heer Hansma nog een lijst met namen en adressen hiervan.

Mail dan naar: 8409cr33@hetnet.nl

Berichtnr.:1150

Share This:

Leave a Comment

Filed under Algemeen, Geschiedenis, Simmerwei

Geertje en Emmy Bloemsma acht jaar

IMG_0008

KC: 24 feb. 2012
Berichtnr.:

Share This:

Leave a Comment

Filed under Algemeen, Simmerwei

Haar Salon open in Westergeest


KC:2009
Berichtnr.:1192

Share This:

Leave a Comment

Filed under Algemeen, Simmerwei

Wethouder opent showroom “de Bonte Hont”


Wethouder Schaafstal opent showroom “de Bonte Hont”
Berichtnr.:1084

Share This:

Leave a Comment

Filed under Algemeen, Plaatselijk Belang, Simmerwei

Autodemontagebedrijf Keizer neemt drooglegapparaat in gebruik

                

Share This:

Leave a Comment

Filed under Algemeen, Simmerwei

WTOC tevreden over hoofdsponsor Garage Hoekstra


KC:1994
Berichtnr.:1056

Share This:

Leave a Comment

Filed under Algemeen, School, Simmerwei

Siersmeedkunst ‘de bunte hont’ opent zaterdag de deuren 2003


Siersmeedkunst ‘de bunte hont’ opent de deuren in november 2003
Hepke en Menno van der Weg zijn de ontwerpers van de siersmeedkunst in Westergeest.
Berichtnr.:973

Share This:

Leave a Comment

Filed under Algemeen, Simmerwei

Autosloperij Keizer mag niet uitbreiden


FD:03-02-1996

KC:04-04-1997
Berichtnr.:765

Share This:

Leave a Comment

Filed under Algemeen, Simmerwei

Op Jachtwerf Wouda werd o.a. Lauwersmeerkruiser te water gelaten





KC: 11 september 1974



KC: 4 april 1975



KC: 15 maart 1976

Berichtnr.:628

Share This:

Leave a Comment

Filed under Algemeen, Simmerwei

Brand in de Kruidendrogerij


De Bonte Hond Omstreeks 1970
Brand in de Kruidendrogerij. Op de voorgrond op de fiets Heine Kempenaar(vader Bartele Kempenaar).
Berichtnr.:569

Share This:

Leave a Comment

Filed under Algemeen, Eelke Meinertswei, Simmerwei

Boekje oer strjitnammen fan Oebele Vries

Uit : Kollumer Courant 22 november 2002
Berichtnr.:16.

Share This:

Leave a Comment

Filed under Algemeen, Brede Ikker, Bumawei, Eelke Meinertswei, Flaaks Ikker, Kalkhúswei, Keatlingwier, Kertiersreed, Kollenswei, Plaatselijk Belang, Simmerwei, Straten, Trekwei, Van Teijenswei, Woarven